Al wer in priis!
Minnertsgea, 19 july 2006.
Yn de twadde omloop hat it frije formaasje partoer mei Afke Kuipers it partoer fan Afke Hylkema, Gejanna Buma en Debora Oosterman der ôf keatst. 5-5, 6-6. Doe moast Gejanna wer opslaan en kaam de bal bûten it perk. Jindra, Anna-Lynn en Afke wiene sa bliid en ús hartslach wie sa heftich!
Yn de 3e omloop wie de kriech der wat ut. It partoer fan Imke van der Leest, Maaike Joostema en Fenna Zeinstra pakten eltse kear de punten op 6-6. Sy ha de 1e priis fertsjinne.
bron en foto: Antje Kuipers
Geplaatst op 20 July 2006